 |
Fryslân en de 'Vaderlandsche
geschiedenis'
Arjen Versloot
It Nederlânske skiednisűnderwiis is lęsten hifke. It
die bliken dat de bern dy't fan skoalle kamen amper mear
de grutte linen fan de skiednis op in rychje hienen. Dat
moatst oars: tenei sil alles yn it ramt fan sa'n 10
tiidrekken set wurde.
Mei't de Friezen fanâlds allinnich as lilke heidenen
foarkamen dy't Bonifatius en letter ek nochris 'Nederlânsk'
iennichste Roomsk Kening deaslein hiene, is dit faaks in
goed stuit om ris nei it plak fan Fryslân yn de Nederlânske
skiednis te sjen. De marzjinale rolle fan de iere
Friezen, en it beskieden plak fan Fryslân yn it
Keninkryk, hat by guon nasjonale Friezen ta de opfetting
laat dat Fryslân eins amper yn it Nederlânske
steatsferbân thúsheart. Troch net mear as de tafallige
oankeap fan de Habsbugers is it by eintsjebeslút by de
Republyk fan de 7 Feriene Nederlannen bedarre. Jo kinne
jo ôffreegje wat bard wie as it ferbân fan de Sân
Fryske Seelannen wat minder frijbliuwend bleaun wie. Of
as Albrecht fan Saksen, dy't eins hast alle Fryske
lannen yn lien krige hie, dęr yndie in sterk sintraal
gesach festigje kinnen hie en net him beheine moatten
hie ta ús Fryslân dat er wer oan de Habsburgers
trochferkocht?
Mar dat giet allegear oer Fryslân tusken Fly en Wezer,
in gebiet dat oan Hollân grinzet. Geane wy noch wat
fierder tebek yn de tiid, dan sjogge wy dat de iere
skiednissen fan Fryslân en Hollân yninoar oerrinne. Yn
de tiid nei de folksferhuzing wie der in noasje fan
Fryslân as Frisia of Fresia, dat in gebiet fan Seelân
oant de Wezer beflapte. De grinzen wurde oanjűn yn de
Lex Frisionum fan Karel de Grutte. Willibrord waard
biskop fan de Friezen, mei as haadsit Utert, dęr't wy
in pear jier earder ek al de Fryske kening Aldgisl
tsjinkomme. Liudger, de Fryske biskop fan Münster, komt
oarspronklik fan de Utertske Fecht en Redbad hâldt him
op yn wat wy no Hollân neame. De Hollânske greven
neame har ynearsten dux frisonum en meitsje omreden dęrfan
ek oanspraak op ús Fryslân. Mei oare wurden, grutte
stikken fan it hjoeddeiske Nederlân - en wis de
wichtichste gewesten fan de Republyk - falle binnen it
gebiet dat yn dy tiid Frisia hyt.
Ek yn de taal sjogge wy dat werom. Alle dialekten fan
Seelân, Hollân en fierderop Grinslân litte spoaren
fan it Frysk sjen. Sels it űntstean fan it Nederlânske
standerttaal is net te begripen sűnder út te gean fan
taalkontakt tusken Frysk- en Frankysktaligen. En ek de
saken dy't langer sjoen wurde as de kearn fan de Nederlânske
naasje: in hannelsnaasje oan de műning fan de grutte
rivieren, de frijheidssin en tollerânsje en de
poldermentaliteit as gefolch fan de striid tsjin it
wetter, al dy saken meitsje ek diel út fan de Fryske
skiednis. It Fryske Dorestęd en de Fryske hannel as
foaroprinners fan VOC en Rotterdam, de midsieuske Fryske
Frijheid as foargonger fan de lettere tollerânsje en
frijheidssin yn de Republyk en de bou fan terpen dy't al
foar it jier 0 begűn.
Mei oare wurden: de identiteit fan Nederlân is
bewoartele yn dat âlde grutte Frisia. Dat grutte Frisia
waard splitst yn in westlik stik, it lettere Hollân,
Seelân en Utert dy't har mear op it Frankyske efterlân
rjochten en har Frysk komôf fergeaten, en in eastlik
stik tusken Fly en Wezer, dat lykwols letter útinoar
foel en him foar in part - Fryslân en Grinslân - wer
by it westen oansleat.
Uteraard is dit allegear in hiel sterke ferienfâldiging.
Mar it soe foar Friezen en Hollanners goed węze as har
mienskiplike eftergűn Frisia, mei al syn nuanses as jo
wolle, ta de algemiene kennis hearre soe en de Fryske
woartels fan de Nederlânske naasje net langer weipoetst
waarden.
Arjen Versloot
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|