Navigaasje
 
Swingel Online   Swingel 6,  2002
  Histoarje Fryske Reklamepriis

Untstean en aktiviteiten fan de kommisje Fryske Reklamepriis .
In oersjoch 1992-2002 

Krystkongres
Yn 1992 is Omrop Fryslân úteinset mei it útstjoeren fan reklameboadskippen op de radio.
Op it Krystkongres desember '92 fan de Fryske studinteferienings yn Frentsjer waard pleite foar it brûken fan it Frysk as reklametaal . Mar 7 % fan de spotsjes wienen frysktalich wylst dizze taal de normale útstjoertaal fan dizze omrop is. 

Stimulearringspriis 
De Ried fan de Fryske Beweging en de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân besleaten aksje te ûndernimmen en , mooglik yn 'e mande mei oaren, in proses op gong te bringen it Frysk in grutter en mear fanselssprekkend plak te jaan yn de eterreklame op Omrop Fryslân en letter ek de lokale omroppen. It middel soe wêze it ynstellen fan in stimulearringspriis om foarbylden fan it op in positive manier brûken fan it Frysk of in fryske streektaal yn radio- (en letter tv-kommersjals) te beleanjen en sa it brûken fan dizze taal as reklametaal te befoarderjen. It eindoel is it trochbrekken fan de hollânsktalige reklametaal-tradysje. Foar de harkers fan Omrop Fryslân is it net nedich om yn it Hollânsk te advertearjen , omdat lju dy't it Frysk net ferstean wolle en/of kinne net op dizze stjoerder ôfstimme sille. Boppedat kin it ek krekt in hiel posityf effekt ha.

De priis
De priis sil earst om de 2 jier útrikt wurde. 
De opdrachtjouwer kriget in moaie oarkonde ynearsten ûntwikkele troch keunstnaresse Lolkje van der Kooi en letter troch meiwurkers fan Omrop Fryslân. Om de priis "gewicht" te jaan moat it net allinne om de ear fan it krijen gean , mar ek in materiële stipe wêze: f2500,- fergese útstjoerminuten op Omrop Fryslân. 
Net allinne de opdrachtjouwer is fan belang yn it proses fan it meitsjen fan kwalitatyf goede frysktalige reklameboadskippen mar ek it reklameburo dat de spot realisearre. It meitsjen fan in goede tekst en it brûken fan goede 'stimmen' is fan grut belang. It reklameburo/lûdsstudio kriget dêrta in moaie perspeksfiguraasje as beleanning (opdracht oan firma Repko te Snits). 
Uteraard moat it útrikken fan de priis publisiteit krije om bedriuwslibben en reklamewrâld te ynteressearjen foar it fenomeen frysktalige reklameboadskippen. 

De wurkgroep
De leden fan it wurkgroepke yn 1992: 
J. van Bethlehem (Freonen), M. Vis en Th.Dykstra (Ried), M. de Boer (Omrop Fryslân, R. Wielinga (Omrop Reclame Fryslân)
Van Bethlehem is opfolge troch Van der Meulen (2001).
Letter fertsjintwurdigen R. Tolsma en S. Miedema de Omrop en H.Haytema, F. van Meerloo en P. van der Zande de ORF
De wurkgroep is yn oktober '94 oerstapt op de namme 'kommisje Fryske Reklamepriis' ; de wurkgroep kriget in mear permanint karakter foar it organisearjen fan de útrikkings. 
Yn 2002 is de gearstalling fan de kommisje en de funksjes nochal feroare troch in tal fertsjintwurdigers út it bedriuwslibben. 

Stipe fan oare organisaasjes
Yn de korrespondinsje mei de advertearders is oanjûn dat as der ferlet fan is help op taalkundich mêd te krijen is by :
- de Afûk (tekst en stimmen )
- de Fryske Akademy (tekst)
- de tekstwinkel Gysbert Japicx (tekst)

De sjuery
Yn 1993 is in ûnôfhinklike sjuery foarme nei't de kritearia foar it takennen fan de prizen fêststeld wiene:
- R. Jonkman , foarsitter (taalkundige).
- H. Dilling (reklame sjoernalist)
- R. Oostra (âld-direkteur de Lawei, theaterman)
Oostra is letter opfolge troch Ingrid Wagenaar (Stipepunt Afûk) en doe't yn 1999 ek tillefyzjereklame der by kaam is J. van der Zee (programmamakker Van Gewest tot Gewest) it fjirde lid fan de sjuery wurden. 

Begrutting 
De Ried en de Freonen moasten mei help fan Omrop Fryslân sjen jild foar de útrikking fan de priis los te krijen. It finen fan sponsoren (útsein ORF foar de útstjoerminuten) slagge net. 
De provinsje Fryslân joech op grûn fan de Regeling Befoardering Frysk Taalgebrûk yn 2001 rjochtstreeks oan de kommisje f8275,-.
Foar de útrikking 2002 waard in ekstra doelsubsydzje fan in lytse f10.000,- rjochtstreeks oan de Ried oermakke foar de aktiviteiten fan de reklamepriiskommisje. 

Utrikkings
1995(1)
De útrikking 1995 op 14 maart 1995 op de Ljouwerter bedriuwekontaktdagen. By toerbeurt stiene de kommisjeleden mei in stand (mei Omrop Fryslân) foar de pr. De útrikking sels wie yn in aparte seal fan it FEC.
Tal belangstellenden: 50.
De prizen waarden útrikt troch de siktaris fan de Keamer fan Keaphannel Fryslân, H.B. Reinders. De winner wie it Regionaal Bureau Arbeidsvoorziening Leeuwarden. 

1997(2)
De útrikking fynt plak wer yn it FEC op de Ljouwerter bedriuwekontaktdagen 19 maart 1997. Rients Gratama is frege om foar de útrikking in spesjale konferense te hâlden mei in passend liet. Ien en oar wurdt direkt útstjoerd yn it programma "Wurktiid" troch Henk Feitsma. De priis is foar Hart Nibbrig & Greeve Bv te Sassenheim, Mitsubishi-dealer Nederlân. Sawol de winner as de makker (Le Bureau te Rotterdam ) komme net út Fryslân. 

1999(3)
Dit kear fynt de útrikking net yn it FEC , mar yn de kantine fan Omrop Fryslân , de nije lokaasje op de Hemrik en wol op 30 novimber '99. Yn it "geweld" fan de bedriuwekontaktdagen falt de útrikking net genôch op en de kommisje kiest foar in aparte feestjûn foar it Fryske bedriuwslibben. It bedrach oan útstjoerminuten wurdt ferdûbele fan f2500,- nei f5000,-. 
Prof Pellenbarg fan de RUG hâldt in ynlieding en der folget in foarumdiskusje mei de seal. 
Winner is de net-útrikte radio-priis foar kultureel sintrum Amacitia te Snits (Makker R. Gratama) .De winner by de tillefyzje wie TCT-keukens út Tolbert.De prizen wurde útrikt troch dhr. Paques, foarsitter Keamer fan Keaphannel. 
Dit jier waard ek foar it earst in publykspriis útrikt : Jansma Birdaard.

2001(4)
Op 6 febrewaris 2001 wurde foar de 4e kear de Fryske reklameprizen útrikt. Lokaasje: De kantine fan Omrop Fryslân. Prof. Gerritsen fan de Katolike Universiteit fan Nijmegen hâldt in ynlieding en der wurde neist de winnende spots en oare útlânske foarbylden sjen en hearre litten. 
Foar de werkenberens fan de reklamepriiskommisje wurdt troch ACE in eigen logo ûntwikkele. 
Winner fan de radio-priis: Mediamarkt, Ljouwert.
Tillefyzjepriis: Fryslântapijt.
Publykspriis: Damstra Fiskhannel, Wâldsein.

2002(5)
Op 4 maart wurdt foar de fyfte kear de Fryske reklamepriis útrikt en wol op 4 maart 2002 yn de Harmonie te Ljouwert. . Dit kear is it net oer de perioade fan 2 jier , mar 1 jier.
Ien en oar is grutter, professioneler en ek feestliker opset mei troch de stipe fan de Kommersjele Klubs yn Fryslân en dat is ek te merken oan it tal dielnimmers: goed 400.
Lieding : E. Jansen , direkteur Keamer fan Keaphannel.
Bydragen: H. Faber en R. Gratama 
Utrikking fan de prizen : deputearre B. Mulder. 
Winner tillefyzje: Het Friese Land
Winner radio: CBD-Leeuwarden. 
Essent publyksprijs (fia internet): Pro Acts fan Vlakland Communicatie.


De doelen om sawol kwalitatyf as kwantitatyf frysktalige (streek) reklameboadskippen op radio en tillefyzje fuort te sterkjen binne noch net folslein berikt. Der is wol sprake fan in lichte foarútgong. In kwestje fan folhâlden en sykje nei "kreative" aktiviteiten.

Th. Dykstra , augustus 2002 




Kommisje Fryske Reklamepriis
De Ried fan de Fryske Beweging De Freonen fan Omrop Fryslân 
Skriuwerskip: Th. Dijkstra
Hearedyk 9, 8735 HN Itens
Til. 0515-331868















 Email: redaksje@fryskebeweging.nl