Navigaasje
Swingel Online   Swingel 6,  2002
  iepen brief: Frysk en de ynboargering fan (ym)migranten

FFU Feriening Frysk Underwiis
Oansletten by de Ried fan de Fryske Beweging
Skriuwerskip: G. van der Hoef
Pasteurwei 42
8921 VR Ljouwert


Oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten
Provinsjehûs
Twibaksmerk 52
8911 LZ Ljouwert

Underwerp: Frysk en de ynboargering fan (ym)migranten


Ljouwert, 14 sept. 2002

Achte kolleezje,

De easken dy't steld wurde moatte oan ymmigranten dy't ynboargerje moatte yn de Nederlânske mienskip, binne de lêste tiid troch alderlei oarsaken hieltiten mear yn it nijs. De Wet Inburgering Nieuwkomers, dy't yn 1998 ynfierd is, leit nije ymmigranten yn Nederlân de ferplichting op in taal- en ynboargeringskursus te folgjen. De rendeminten dêrfan binne oant no ta noch beheind. In protte dielnimmers komme net op les of meitsje de kursus net ôf. De tendins is dat it asylbelied stranger wurdt en der ûnder oaren mear omtinken komme moat foar sanksjes (ferl. ek de LC fan 26-3-2002). Dyselde tendins is ek yn de lannen om ús hinne te merkbiten, bygelyks Dútslân (strangere talittingseasken yn de ymmigraasjewet, LC, 23-3-2002) en Denemarken (praattest op it nivo lêste learjier basisskoalle).

De ferplichte ynboargering en de tendins ta strangere easken foar it Nederlânsk binne op harsels in goed ding, mar as it tinken is mei de útgongspunten fan it provinsjale taalbelied yn Fryslân (lykweardigens en lykberjochting fan it Frysk en Nederlânsk, Van Geunst nei Rjocht, yn 1985 troch Provinsjale Steaten fêststeld) yn de offisjeel twatalige provinsje Fryslân, dan soe dat ek gefolgen hawwe moatte foar nijkommers yn Fryslân. Ommers: eindoel fan dat belied is dat oan 'e iene kant eltse ynwenner fan Fryslân yn steat is Nederlânsk en Frysk te ferstean, te praten, te lêzen en te skriuwen en dat oan de oare kant de maatskippij sa ynrjochte wurde moat, dat de ynwenners ek de reële mooglikheid krije om yn elts domein neffens eigen kar Frysk of Nederlânsk te brûken (ferl. Rapportaazje fan de wurksumheden oer de jierren 1999-2001, Berie foar it Frysk, Ljouwert, 2002, s. 7). Noch te fanselssprekkend geane ynkommelingen derfan út dat it Frysk net sa needsaaklik is (ferl. ek 'Duitser wil af van Fries in Lemster raadscommissie', LC., 14-5-2002)

Op in stúdzjemiddei oer de ynboargering fan nij-ynkommelingen yn Fryslân (Meiïnoar thús yn Fryslân/ Je thuisvoelen in Fryslân, 19 maart 1999; Berie-rapport 14) is it ynboargeringstrajekt yn it twatalige Fryslân troch it Berie foar it Frysk en COS Fryslân op it aljemint brocht. Ien fan de oanbefellings as rissseltaat fan de ynliedings en diskusje wie, dat it net mei frijbliuwende les-suggestjes oer dialekten en streektalen takin en dat der in fakultative module 'Frysk ferstean' opnommen wurde moatte soe yn it edukative programma fan it ynboargeringstrajekt of dat nei it ferplichte ynboargeringstrajekt der in oanbod wêze moatte soe fan in fakultative module Frysk ferstean (en evt. lêze). Behearsking fan it Frysk soe gjin ferplichting wêze meie. (Rapportaazje [...], 2002, s. 33). 

Sjoen de ûnderfinings oant no ta mei ynboargeringskursussen yn ûnderskate lannen fan de EU (û.o. Nederlân) op it stik fan de oaneigening fan de dominante lânstaal en de útgongspunten fan it provinsjaal taalbelied op it stik fan de needsaaklike behearsking fan it Frysk yn Fryslân (sjoch boppe), kin men fan tinken wol hawwe dat fakultativens hjir absolút net wurket. It soe neffens ús tige nayf wêze om te tinken dat in 'yn de gelegenheid stellen om it Frysk ferstean en lêzen te learen' en it útsprekken fan de winsklikens dêrfan foar de wurkflier en de beropsútoefening (Ibid., s. 34) genôch is om de eigen provinsjale útgongspunten op it mêd fan de Fryske taalbehearsking en in echte frije kar foar it Frysk troch Fryskpraters yn elts domein mooglik te meitsjen. Soks is mei-inoar yn tsjinspraak.

Wy soene der dan ek by jimme op oanstean wolle om yn de Wet Inburgering Nieuwkomers opnimme te litten dat it Frysk ferstean (en leafst ek lêzen) in minimumeask wurdt yn it edukative programma fan it ynboargeringstrajekt yn Fryslân foar eltse nijkommer dy't yn Fryslân wenje en/of wurkje wol. It is foar de takomst fan de Fryske taal en kultuer fan belang dat ek nij-ynkommelingen mei-ferantwurdlikheid foar dy taal en kultuer leare te dragen.


Mei heechachtinge,


Drs. Th. Dijkstra 
Foarsitter FFU

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl