 |
Stifting AAIPOP wol mear
Nijlân - Op peaskemoandei, 24 april fynt it fjirtsjinde
Aaipop-festival plak. Nijlân hat dęr in namme mei
opbout dy 't se heech hâlde wol. Foar it kommende
festival hat de Stifting Aaipop hast tweintich groepen
en solo-artysten boekt. Lykas wenst, hantearret de
organisaasje ek dit jier it prinsipe dat elts foar muzyk
yn it har/him bęstpassende sjenre kieze kin yn de
Teneftertinte, it Rockhok of de Harksankje-seal. Aaipop
soe Aaipop net węze as der net wat bysűnders barre soe.
Sa is it fansels al hiel bysűnder dat al wer in tal
renomearre groepen foar it earst acte-de-présence jaan:
Dat giet dan om groepen as Roadhouse, Harpo en de
Dochmarwatts, winners fan lytske Aaipop. In opmerklik
projekt is dat fan dichter, poppublisist en taalkundige
Beart Oosterhaven en syn kollega de anglist Anne Dykstra.
Troch harren yn it frysk oersetten blues-klassikers
sille op 'e planken brocht wurde troch de Fryske
bluesband Chickens Go Mad.
De Stifting Aaipop sjocht it 14e Aaipopfestival as in
opstapke nei it jubileumjier 2001. Yn dat neffens
saakkundigen werklik earste jier fan de 21e ieu én fan
it nije milennium, sil it jubileum op yndrukwekkende
wize fiert wurde. Oer de krekte ynfolling dęrfan, wol
de organisaasje him noch net útlitte. Wol komt de
stifting al yn 'e oanrin nei de 15e edysje fan Aaipop
mei nije aktiviteiten. Alle moannen sil de Stifting
Aaipop, yn 'e mande mei De Herberch fan Nijlân in
konsert organisearje fan Frysktalige groepen en artysten.
Bekende en minder bekende nammen út de Fryske muzykwrâld
sille dan optrede op it poadium fan it kafee yn Nijlân.
Nijlân moat dęrtroch noch mear as no it gefal is, ít
sintrum fan Frysktalige muzyk wurde. As dit oanslacht,
is de organisaasje fan doel om dizze rige konserten ek
nei it 15e Aaipop troch te setten. De Stifting Aaipop
tinkt der oer om it foar regelmjittige besikers fan dy
kafeekonserten ekstra oantreklik te meitsjen troch in
soarte fan koartingssysteem.
Ta beslút it folsleine affysje fan Aaipop 2000: Doede
Bleeker, Henk Hulzinga, Bauke van der Woude, Adri de
Boer, De Vries & Ko, Andrys Kobus & Clara
Rullman, Bricquebec, Chickens Go Mad, Roadhouse, Om 'e
Noard, Harpo, Spikerhurd, Cajun Beano, Opskuor, Sebeare,
Dochmarwatts, Zampa en Wartall. De earste toanen fleane
om 14.00 oere de boksen út yn MFS De Mande.
Mear ynformaasje oer Aaipop is te finen op de thússide
fan de stifting: http://huizen.dds.nl/~aaipop
|