Meer
Frysk Online
Wurdt it noch wat mei it Frysk op
internet?
Bouke Nicolaï
Dizze fraach wurde
lêstendeis oan de
oarder steld yn de Fryske nijsgroep op internet. De
posysje fan it Frysk yn dit medium, dat geandewei in
wichtiger plak yn it deistich libben ynmint, is oan 't
no ta beskieden. De goed hûndertfyftich Fryske siden
falle fuort yn de fâlden fan al dy miljoenen Hollânske
en Ingelske sites. It tal Fryske internetsiden mei in
profesjonele útstrieling is op de fingers te tellen.
Bedriuwen en ynstellingen yn Fryslân nimme de taal fan
harsels en in grut part fan harren klanten net serieus
soe de stelling wêze kinne. Der is yn alle gefallen
sprake fan in ûnferskilligens dy't yn Fryslân suver
gjin wjeraksel opropt. Yn de praktyk blykt dat, as men
bedriuwen en ynstânsjes oansprekt op harren iensidich
Hollânsk taalgebrûk, der gjin sprake is fan ûnwil. De
gemeente Smellingerlân (www.smallingerland.nl) hat,
nei't se dêr troch de Swingelredaksje attint op makke
wie, yn koarte tiid in Fryske ferzje fan harren site ûntwikkele
dy't besjen lije kin! Der falt dus oer te praten en der
is op 't stuit rûnom in soad jild beskikber foar
internetprojekten! As it wat mei it Frysk wurde sil op
internet dan moat dat it no wêze, oars mist it Frysk de
digitale trein. Elts dy't fynt dat it wat wurde moat mei
it Frysk op internet soe dus sa út en troch dizze en
jinge ris in triuwke yn de goede rjochting jaan kinne.
Smyt ris in baltsje op! Dêr kin op koarte termyn mei
skoart wurde!
Populêre media yn Fryslân lykas de
Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân kinne in wichtige
rol spylje yn de ferbettering fan de posysje fan it
Frysk op internet. Omrop Fryslân mei in folslein
Frysktalige site yn 'e loft op www.omropfryslan.nl. As
dizze site like populêr wurdt as de programma's fan de
Omrop kin sa'n inisjatyf as foarbyld tsjinje. De LC is
al langer aktyf op internet, mar it oanpart Frysk op
harren site docht gjin rjocht oan de sympatike dingen
dy't oer de Fryske taal yn it redaksjestatút fan de LC
steane. Mei harren 'Typisch Fries' as lokaal
marketing-lokkerke is sa'n bytsje alles sein oer (en
benammen net yn) it Frysk op www.leeuwardercourant.nl.
Yn it jier foarôfgeand oan it 50
jierrich 'jubileum' fan Kneppelfreed is it nijsgjirrich
te ûntdekken dat op de site fan de Ljouwerter
rjochtbank in wiidweidich ferhaal oer de posysje fan it
Frysk yn it rjochtsferkear stiet. Yn it Frysk noch wol!
Faaks moatte de Fryske Beweging en Ljouwerter Rjochtbank
de lapen mar gearsmite by de betinking fan dit feit
novimber takom jier.
In aardich foarbyld fan in lokale
Frysktalige side is dy fan Bitgum/Bitgummole. De site
sjocht der goed út, de ynformaasje wurdt geregeld
ferfarske en is foar hûndert prosint yn it Frysk. De
digitale doarpen www.bitgum.nl en www.bitgummole.nl
binne dêrmei faaks frysker as de doarpen sels. Wat my
oanbelanget kinne de webmasters fan dizze sites
nominearre wurde foar in Fear yn de Broek!
Bauke Nicolaï
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|