Navigaasje
Swingel Online      Swingel nu. 4, 2000
ynhald
Kolofon

Swingel is útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging en ferskynt 6x jiers.

Redaksje- en administraasjeadres
Ipe Brouwerssteech 8
8911 BZ Ljouwert
Email: swingel@fryskebeweging.nl en
administraasje@fryskebeweging.nl
telefoan en faks: 058-213 89 13

Meiwurkers oan dit nûmer
Hâns J. Weijer, Arjen Versloot, Hâns Noppert, Aldert Cuperus, Doutsen Dykstra, Thom Dijkstra, Clara de Boer, Sybren Posthumus, Bauke Nicolaï, Jaap van der Bij, FFU.

Foto foarside
Hâns Noppert

Einredaksje
Bauke Nicolaï

Swingel ferskynt ek op ynternet
URL: www.fryskebeweging.nl/swingel

Foarmjouwing
Studio van Stralen BNO, Grins

Printer 
Brouwer & Wielsma, It Hearrenfean

Advertinsjeprizen
op oanfraach

Lêsjild
ƒ 25,00 jiers (seis nûmers)
Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn'e bus:
Stipersjild: ƒ 45,00 jiers
Jongerein oant 25 jier ƒ 25,00 jiers
Losse nûmers: ƒ 4,50

ISSN nûmer : 1567-9632

Swingel wurdt útjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.



Aaipop en Merakels apart

De lêste jierren wie der yn de Mande te Nijlân twa dagen foar Aaipop in Frysktalich bernespektakel mei muzyk, teater en poppespul ûnder de namme Merakels. De organisaasje hat besletten dizze twa eveneminten tenei net mear yn itselde wykein te hâlden. Aaipop bliuwt fansels op 2e Peaskedei. Op 15 april sil de 15e edysje fan dit Fryske popbarren losbarste.
Fan't hjerst, om krekt te wêzen op woansdei 24 oktober, sil de tredde edysje fan Merakels op 'e nij soargje foar in soad drokte yn Nijlân.

Leafhawwers fan Bricquebec kinne op 31 maart de lêste Aaipop Kafee meimeitsje yn de Herberch fan Nijlân.

It programma foar Aaipop 2001 is mei koarten te finen op http://huizen.dds.nl/~aaipop 
Eltse grins foarby......

Reis nei Skåne
Fan 30 maaie oant 3 juny sil de reis nei Skåne. Skåne is in gebiet yn it uterste suden fan Sweden mei ambysjes om as EUregio in stap fierder te kommen en mear autonomy te krijen. De öresundsbrêge is krekt oanlein en der wurdt ek noch in taal praat mei in protte Deenske ynfloeden. (it Skånsk). Sjoch ek op: www.scania.org. Dy't mei wol, is fan herten wolkom. Kosten binne noch net bekend, hâldt rekken mei in bedrach tusken ( 1.000,- en ( 1.500,- (wy sliepe yn in hotel, subsydzjes binne noch net wis). Opjefte/ynformaasje by Eftrije, Sybren Posthumus 058 - 2884700. 

Helgolân-reis
Fan 18 oant en mei 20 maaie sil it wer wêze mei de trije-jierlikse Helgolân-reis. De organisaasje is yn hannen fan de Fryske Ried. Ienris yn 'e 3 jier treffe dielnimmers út alle Fryslannen inoar. (West, sintraal, East, Helgolân, Sealterlân, Noard). Dit jier is der ekstra omtinken foar de jongerein. Sa giet sjonger Piter Wilkens mei en is der foar jongere dielnimmers in parallel-programma. Mear ynformaasje is te krijen by Henk Wolf, 058 - 2169939. 

Ynternasjonale wiken op Højskolen Østersøen 
Foar de 5e kear op rige hâldt de folkshegeskoalle yn Østersøen (DK) in Simmerskoalle foar jonge bewegers. Fan 22 july oant 11 augustus kinst dit ynternasjonaal barren meimeitsje. It doel fan dizze Simmerskoalle is it kweken fan begryp tusken jongeren út mearderheidskultueren en guon út saneamde minderheidskultueren. Moast tusken de 18 en 25 jier wêze, it Ingelsk ridlik yn 'e macht hawwe, en aktyf wêze yn in frijwilligersorganisaasje lykas de Ried fan de Fryske Beweging. Foar 100 Euro kinst meidwaan. Mear ynformaasje is te finen op de ynternetside fan de organisaasje: www.people.hojoster.dk (dêr stiet ek it ynskriuwformulier) Koördinator is Jesper Nielsen: e-mail: jen@hojoster.dk, telefoan: +45 74 62 47 00, faks: +45 74 62 47 01.


Staveringshifker foar Word 97/200 te besetten fia ynternet
Al wat langer wie de staveringshifker foar Word 97/2000 yn 'e boekhannel en by de Fryske Akademy te keap. Dy priis bestie foar in grut part út de kosten om it programma op diskette te krijen en te fersprieden. De Fryske Akademy hat besletten om it programma ek fia harren webside oan te bieden: http://www1.fa.knaw.nl/ftp/msstaver97-2000.zip . Oan it downloaden binne gjin kosten ferbûn. It giet om in ynpakte ferzje dy 't bestiet út in hantlieding en it staveringsprogramma setupFrysk.exe.
Pinkant detail oer de staveringshifker : it wurd 'staveringshifker' is net yn de wurdelist opnommen. 



R i e d s w u r k 

Op Priemmen

31 maart 2001
Aaipop Kafee yn de Herberch fan Nijlân mei Briquebec

15 april 2001
Aaipop, Nijlân

20 oant en mei 22 april
Dûbeldjerre yn De Mande te Nijlân

27 april 2001
19.30 oere yn Café Wouters oan de Stasjonswei te Ljouwert.
Jiergearkomste Ried fan de Frykse Beweging mei bestjoersferkiezings w.û foarsittersferkiezing .

18 o.m. 20 maaie
Helgolân-reis. Organisaasje: de Fryske Rie. Mear ynformaasje/opjefte by Henk Wolf, 058 - 2169939 of stjoer in mailtsje nei FryskeRie@altavista.com

23-27 maaie
FUEN kongres, Ljouwert (sjoch www.fuen.org). 

30 maaie o.m. 3 juny
Reis nei Skåne, organisearre troch Eftrije. Opjefte/ynformaasje by Sybren Posthumus, 058 - 2884700. 

22 july oant 11 augustus
Ynternasjonale jongerein-wiken op Højskolen Østersøen Denemarken. Sjoch foar mear ynformaasje op www.people.hojoster.dk 

29 septimber
Betinking Slach by Warns en Stinzefeest yn Ljouwert. 

24 oktober 2001.
Merakels, Frysktalich bernespektakel mei teater, muzyk, poppeteater en oare aktiviteiten yn de Mande te Nijlân. 

16 novimber 2001
Betinking Kneppelfreed 1951 - 2001


E-mailnetwurk fan de Ried
De Ried fan de Fryske Beweging wol graach kontakt ûnderhâlde mei har stipers. Sa út en troch krije jo wat fan ús oer de post, mar dat is ienrjochtingsferkear en kostet ek wol wat. De nije media, benammen e-mail biede datoangeande in protte mooglikheden: wy kinne folle makliker, goedkeaper en mei de mooglikheid fan reaksjes fan jimme kant kontakt ûnderhâlde.
Dêrom hawwe wy leafst fan safolle mooglik fan jimme it e-mail adres. Dat jout ús de mooglikheid om tenei:

* útnoegings foar gearkomsten en aktiviteiten moai flot by jimme te krijen
* mei jimme te kommunisearjen oer aktuele tema's en troch jimme op 'e hichte te hâlden oer saken dy't de Ried en Fryske taal en kultuer oanbelangje
* jimme nijsgjirrige ynternetadressen troch te jaan; dat kin ek wêze as der nije dingen op ús eigen side kaam binne.

Wolle jimme dêrom safolle mooglik jimme e-mailadres stjoere nei: administraasje@fryskebeweging.nl
In mailtsje stjoere mei jimme namme en wenplak is genôch.

Arjen Versloot
skriuwer