Navigaasje
Meer Frysk Online   Swingel 5,  2001
  Ynhald
 
 

Fuen kongres


De Ried fan de Fryske Beweging is der tige wiis mei dat it 46e Kongres fan de FUEN yn Fryslân hâlden wurdt. Eins hie it ferline jier hjir plak fine moatten. Doe wie it krekt 50 jier lyn dat it FUEN foar it earst yn Fryslân by elkoar kaam. De direkteur fan de Fryske Akademy, Willem Kok, hat in rede hâlden oer de rjochten fan de minderheidstalen. Dęr wie it doe net bęst mei steld. Eins kinne jo wol sizze dat der hielendal noch gjin formele rjochten yn wetten fęstlein wiene. Dęrom waard der yn in résolúsje fęstlein dat: Every people has a right in principle to keep and fortify its own culture, and notably the most essential part of it: its language.

besocht de kręften fan safolle mooglik organisaasjes te keppeljen dy't foarhinne wolris los neist elkoar wurken en dęrtroch ek wolris by elkoar lâns wurken om mar net te sizzen dat se elkoar ek somtiden tsjin wurken. Dat foel net altyd ta want de Bewegers hiene al in skiednis fan sa'n lytse 150 jier efter har. En Bewegers binne net altyd de maklikste minsken, oars wiene se ommers ek gjin Beweger wurden. Hja hiene har sels de taak steld om mear rjochten foar de eigen taal en kultuer te beskreppen. Ek hjoed-de-dei spilet dat noch mei: Bewegers wurde sjoen as drammers, trochdriuwers en folje mar oan.

Dochs ha al dy drammers wol wat berikt. Yn 1950 hie der noch gjin Kneppelfreed west. Der wie noch gjin plak foar it Frysk by de rjochtbank. Yn skoalle waard fan jo ferwachte dat jo jo Fryske jaske útdiene en by de bestjoerders fan de provinsje en de gemeenten wie it Frysk noch amper yn tel. 

Dat is no wol oars: eltsenien kin no ręstich Frysk prate by de rjochter. Wy ha dat allegearre kreas yn wetten fęstlein. Wy ha in provinsjebestjoer dat safolle mooglik it brűken fan it Frysk oanmoediget en yn de skoallen wurdt it Frysk gjin strie yn 'e wei lein. De hiele dei ha wy Fryske radio en de Fryske tillevyzje kriget stadichoan mear stjoertiid. 

Wy ha in Fryske Akademy dęr't wy wiis mei binne. Der is in berie foar it Frysk, in Frysk Letterkundich Museum en in AFUK en gean sa mar troch. Dat de kranten skytende benauwd binne om wat mear Frysk te brűken moatte wy ús positive gefoel mar eefkes net troch bedjerre litte.


Der sille no minsken węze dy't tinke: dat is moai, no kin de Ried fan de Fryske Beweging himsels wol opdoeke. It doel is berikt: de lykberjochtiging fan it Frysk yn Fryslân is berikt. De foarsitter fan de Ried sil no wol oankundigje wannear't it opheffingsfeest węze sil. Oaren sille sizze: werom hat dy man him in moanne lyn noch ta foarsitter kieze litten? It wurk is ommers dien?

It leit justjes oars. Mei syn allen ha wy yn Fryslân hiel wat beskrept foar it Frysk: formeel-juridysk is de saak goed regele, mar ... en dęr sieten jimme al op te wachtsjen: de tafel is klear, it iten stiet klear mar net eltsenien wol ite. Wettelijke regeling is ien ding mar tapasse is wat oars. In hâlding lit him net ôftwinge. Of sa as ik in kear lies: "Legislation cannot make mores". Jo meie hoed-de-dei by de rjochter Frysk prate mar de minsken dogge it net of moat ik sizze noch net. It Frysk hat wettelijk wol alle kânsen yn de skoallen mar de minsken yn de skoallen gripe dy kânsen net of noch net. Ut in űndersyk dat wy dien ha op skoallen foar fuortset űnderwiis blykt dat folle mear bern fan harsels sizze dat se Frysk lęze en skriuwe kinne as it gemiddelde fan de Frsyke befolking. 74% seit dat er Frysk lęze kin wylst dat by de hiele Fryske befolking mar 62% is en 37% seit dat er Frysk skriuwe kin dat is 20% mear as de Fryske befolking yn syn gehiel. As jo it sa besjogge dan kin deputearre Mulder him gelokkich fiele want it giet de goede kant op. Mar út it selde űndersyk docht ek bliken dat mar 40% fan de bern op de troch ús űndersochte skoallen it Frysk fan heit en mem praten leare wylst dat dat foar de hiele Fryske befolking noch 52% wie. Tolve persint fan de (Frysktalige) jonge âlden miene dat se har bern tekoart dogge as se dy Frysk leare en stappe dęrom mar oer op it Hollânsk. Ik meitsje my dęr folle mear soargen oer as it feit dat der mar sa'n bytsje Friezen it Frysk skriuwe kinne. Neidat 500 jier lyn it Frysk as skriuwtaal min of te mear ferdwűn koe it Frysk him handhavenje trochdat de âlden Frysk tsjin har bern praten bleaune. As de âlden it sitte litte dan siet it tige faai mei in taal. Ik soe graach wolle dat de Friezen wat better lettere wiene yn har eigen taal mar noch lezver soe ik ha dat it műnlinge brűken fan it Frysk yn alle fermiddens en dus ek op de skoallen by alle lessen hiel gewoan węze soe. Friezen switsje noch hieltyd as se mar ien Hollânskprater yn de omjouwing rűke. Dat sit djip yn it gemoed fan de Friezen. Guon psychologen sizze dat it komt omdat men der by hearre wol, in minsken wol net tefolle opfalle en net bűten de groep stean.

It provinsjebestjoer hat keazen foar draagflakferbreding foar it Frysk. De Ried is it dęrmei iens. Net omdat alle managementgoeroes dat tsjintwurdich preekje mar deagewoan omdat in hâlding foar it Frysk
oer net oplein of ôftwongen wurde kin. Minsken moatte foar har sels oertsjűge węze dat it goed is om safolle mooglik Frysk te brűken. Der mei gjin diktatuer hearskje as it om Frysk giet. Dęrom nochris: Legislation cannot make mores. 


Foar de Ried fan de Fryske Beweging betsjut dit dat de Ried sykje moat nei mooglikheden om safolle mooglik minsken en organisaasjes te mobilisearjen dy't ree binne om mei te wurkjen oan dy daarchflakferbreding. Dęrmei sil de Ried him net rjochtsje moatte tsjin Frysktaligen dy't it yn har eagen net goed dogge, om har in warskôgjend fingerke sjen te litten, mar dy lju oanmoedigjen dy't har foar it Frysk ynsette wolle. Itselde kin sein wurde foar de Hollânsktaligen. De Ried moat net in soarte fan fijânsbyld nei de Hollânsktaligen skeppe, mar krekt deselden dy't har ynteressearje foar it Frysk, stypje en helpe yn plak fan har út te laitsjen en te ferbetterjen as hja har foarsichtich oan it Frysk weagje. 

Foar de kommende jierren sil de Ried fan de Fryske Beweging wer mei klam it platfoarm of foarum wurde moatte foar it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk, dęr't alle organisaasjes dy't har op dit męd dwaande hâlde har belied op elkoar ôstimme kinne en mei elkoar plannen foar de takomst meitsje kinne. As dęrta in werstruktuerearing fan de Ried needsaaklik is dan is dat wat it deistich bestjoer fan de Ried oanbelanget, besprekber.
Wy hoopje op dit kongres de nedige ynspiraasje en stipe te krijen foar ús wurk en wy hoopje dat soks ek foar jimme jildt.

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl