Skrift hat mar ien nûmer, mar dat Skrift-nûmer wol
beslist ta 1.000.000 artikels groeie. Artikels fan jo foar de wrâld.
Wij hawwe, foar jo gemak, dêrta rom ynfestearre. Publisearje
no
Skrift klinkt as it skrassen fan de skerpe griffel,
de skerpte fan de wurden op de siele, it koarte skerpe lûd ek fan
de tongerslach dy't neist jins fuotten ynslacht. Sa is it ek
bedoeld. It is in tige anargistysk tiidskrift der't alle
Friezen har geastelike wjerljocht yn spatte kinne.
Elkenien dy't him skriuwendewei úterje wol, sûnder
dy nuvere ballotaazje fan betterwitters, mei har yn Skrift úterje.
Fansels wol neffens de nettikette, mar it mei bêst op it skerp fan
literêr en kritysk.
De redaksje fan Skrift hat keazen foar in echt iepen
foarm. Ommers ynternet is fan elkenien, it is licht anargistysk en
we moatte it mei-inoar foarm jaan,
De artikels yn Skrift sille setten wurde in de rubriken literatuer
en maatskippij. At it ferskaat groeit, wurdt it tal rubriken útwreide.
At jo in artikel ynstjoere nei Skrift meie jo in
suggestje mei jaan foar de rubryksyndieling.
Ynstjoere mei anonym, mar at jo
der in namme en foto bij hawwe wolle dan sette wij beide. Alles
graach per email, want at wij it skanne litte, kostet it in
pear tientsjes.
Jo artikel komt yn earsten gewoan sûnder seleksje
boppe-oan yn Skrift te stean, salang der gjin folgjend artikel ynstjoerd is.
Echt literêre pinksterblommen yn Skrift of artikels fan skriuwers
dy't earne oars in protte publisearje, sille as sadanich in fleurich
keurmerk krije. De redaksje fan Skrift sjurearret dêrút foar in
jierlikse ûnderskieding, Dêr is fansels in jildpriis oan ferbûn.
Oer de oare artikels is it oardiel altyd, dat de kwaliteit prima is.
Wa
't skriuwt, bliuwt.
Jo Redaksje
|